Première voorstelling Hiemhûntsje

By Rozemarijn • Amateurkunst, Regie • 2 Mar 2015

banner hiemh klein

Tonielveriening De Takomst spilet
Hiemhûntsje fan Peer Wittenbols 

fanôf 8 jier en âlder

Se helje boadskippen en dogge de wosk. Se siede iten, meitsje it hûs skjin en betelje de rekkens. Twa suskes dy’t harren sels opfiede, want harren mem leit op bêd. Al alve moannen en njoggen dagen. Fan de dei ôf dat harren heit mei de auto tsjin ’e beam oan knalde. Boem. Ynienen wie er dea. Mem mist him sa bot dat se net fan ’t bêd komme kin. De suskes betinke healwize fiten om har fan ’t bêd te krijen. Mar wat se ek dogge, it slagget net. Oant der foar it earst sûnt in lang skoft immen op besite komt. In jonge dy’t baarnt fan nijsgjirrigens.

De oorspronkelijk tekst is het Nederlands. De voorstelling is nu voor het eerst te zien in het Fries!

Rezjy: Rozemarijn Strubbe
Tekst: Peer Wittenbols
Oersetting: Akky van der Veer

ÚTFIERINGEN
freed 20 maart 20.00 oere
sneon 21 maart 20.00 oere
sneon 28 maart 20.00 oere

Yntree € 7,50
Oant en mei 12 jier € 3,50
Stipers fergees

Lokaasje:
Doarpshûs De Murdhoun Húns

Kaarten reservearje
peta.visser@gmail.com
of belje tusken 19.00 en 20.00 oere 058-2519633

Download: HIEMHÛNTSJE útnoeging

Tags: , , , , , , , , ,

Comments are closed.